Skip to content
Grutte seal
dinsdag 18 augustus 2026
19:00-21:00

Yn ús mienskip groeit in generaasje pubers op yn in wrâld fol prikkels. Se ûntdekke wa’t se binne, sykje grinzen op en komme yn ’e kunde mei allerhanne ferliedingen. Soms ûnskuldich, soms mei risiko’s. Dêrom organisearret Jistrum Bloeit yn gearwurking mei VNN (Verslavingszorg Nederland) in ynformatieve en tagonklike lezing spesjaal foar âlders.

Yn dizze jûn nimt in deskundige fan VNN ús mei yn de wrâld fan pubers: hoe’t se tinke, wêrom’t se soms spannende keuzes meitsje, en wat se tsjinkomme op it mêd fan drank, drugs, gaming, sosjale media en oare moderne ferliedingen. Ek krije âlders praktyske tips: hoe kinst as âlder goed oanslute, hoe hâldst it petear iepen, en hoe kinst dyn bern stypje sûnder datst te strak of te los litst.

It wurdt in jûn mei romte foar fragen, herkenning en ynsjoch. In momint om mei-inoar stil te stean by wat pubers nedich hawwe – en wat âlders helpe kin om stevich en fertrouwend neist harren te stean.

VNN is in organisaasje dy’t minsken helpt dy’t te krijen hawwe mei ferslaving of ferslavingsgedrach. Dat kin gean om drank, drugs, gaming, gokken, sosjale media of oare foarmen fan ûngewoan of oanhâldend gedrach. Se biede stipe oan jongerein, folwoeksenen én âlders. By VNN wurkje professionals dy’t goed witte wat der spilet yn de wrâld fan pubers en hoe’t ferliedingen harren beynfloedzje. Se helpe mei advys, begelieding, previnsje en petearen yn de hússituaasje.

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.

Back To Top