Skip to content

Bert van Geel
Bert (1962) hâldt net allinnich al hiel lang fan de natoer, ast mei him praatst, fielst dat hy sels de natoer is. Alles oan him is trochspekt mei natoer, en dat makket dat er mei passy en fassinaasje oer de natoer fertelt. Hy is kommunikatyf sterk en hâldt fan in grapke. Dat makket dat alles watst mei Bert dochst, sawol leuk as learsum is.

Thús yn ’e natoer
De fassinearjende wrâld fan flora en fauna spilet in wichtige rol yn it libben fan Bert. Hjir fielt er him thús. Syn brede kennis en nea ôfnimmende entûsjasme helpe oaren om te sjen, te ûndersykjen en te belibjen. Syn ferklearrings geane altyd in stapke fierder. Wis gjin monolooch. “Hoe kin dat no…?” “Hasto dy wolris ôffrege wêrom…?” “Wêr sjochst no eins nei?” Mei Bert nei de natoer lústerje en sjen makket in les, lêzing of ekskurzje ûnferjitlik.

Breed netwurk
Njonken syn eigen inisjativen foar it befoarderjen fan natuerbelibjen wurket er al tsientallen jierren gear mei natoerorganisaasjes, ferienings en ynstânsjes. Hy hat bydragen levere oan ferskate radio- en tv-programma’s, en ek it skriuwen foar krante of tydskrift is him net frjemd.

Foarkar
Njonken syn wurk hâldt Bert him dwaande mei it kweken fan tropyske kevers, flinters en mear. Hy hat akwaria en terraria. Hy fersoarget in hûn, in kat en in knyn, mar boppe-al is er in túnker.

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.

Meld je dorp of wijk aan en organiseer ook een bloeiweek!

Deelnemende dorpen

De dorpen van Friesland bundelen hun krachten voor een duurzame en vitale toekomst. Klik op de buttons om te ontdekken hoe elk dorp bijdraagt aan Fryslân Bloeit. Samen creëren we een bloeiende toekomst!

Partners

Met dank aan onze waardevolle partners die dit initiatief mogelijk maken. Dankzij hun steun en inzet kunnen we samen werken aan een duurzamer en vitaler Friesland. Ontdek onze partners hieronder!

Back To Top