Wilens de MBVO (Meer Bewegen Voor Ouderen) sil d'r oandacht wêze foar falprevinsje, fan herte wolkom om hjir oan mei te dwaan!
Workshop falprevinsje
Wat hâldt falprevinsje yn? Wat kin ik séls dwaan om fallen foar te kommen? Haw ik in falrisiko? Wannear mei ik meidwaan oan in falprevinsjetraining? En wat dogge je dan yn sa'n training? Allegear fragen dêr't jo by de workshop falprevinsje antwurd op krije!
Rianne Wiersma is koördinator falprevinsje út de gemeente wei en prate jo it earste healoere by oer falprevinsje en it falrisiko. Fysioterapeut Sjoerd Westra fan Fysio Yn't Doarp fertelle jo dêrneist alles oer de ynhâld fan de falprevinsjetrainingen dy't er jout. By foldwaande animo kin der in falprevinsjegroep start wurde yn Jistrum.
It programma fan de workshop sjocht der sa út:
- 09:30 - 10:00 oere: Presintaasje oer falprevinsje troch Rianne en Sjoerd
- 10:00 - 11:00 oere: Falrisikotesten troch middel fan de SmartFloor en in tal oare testen, dêr't jo falrisiko beoardiele wurdt. Hjir kinne ek fierdere fragen oer falprevinsje steld wurde ûnder it genot fan in bakje kofje
- 11:00 - 12:00 oere: It falprevinsje dobbelspul! Lear by dit spul mear oer wat jo sels thús dwaan kinne om fallen foar te kommen.
Mochten jo fierder noch fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei Rianne Wiersma, fia r.wiersma@achtkarspelen.nl of fia 06 -38854039.
Lokaasje: Sportseal MFA
Tiid: 9.30-12.00
Foar wa: Eltsenien dy't hjir graach mear fan witte wol.
Wat moast meinimme: Lekker sittende klean
Opjefte by: Saakje Wijnja 06 50627295
Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.