🐞🌿 Bou mei oan ús grutte Ynsekthotel! 🌿🐞
Helpst mei om in grut ynsekthotel te meitsjen foar ús doarpsmienskip? By MFA De Trochset kinst in lyts houten fakje ophelje. Thús meist dit fakje folje mei materialen dy'tst noch lizzen hast, lykas dennekegels, bamboe, mos, houtstikjes, strie, stientsjes mei gatsjes of oare natuerlike materialen.
As alle fakjes ynlevere binne, wurde se mei-inoar yn in grut houten ramt pleatst. Sa meitsje wy tegearre ien grut ynsekthotel dat in moai skûl- en nêstplak biedt oan bijen, flinters en oare nuttige ynsekten.
- Helje in fakje op by MFA De Trochset
- Folje it op dyn eigen kreative wize
- Brûk materialen út eigen tún of omjouwing
- Bou mei oan in grut mienskiplik ynsekthotel
🐝🦋 In moai projekt dêr't jong en âld oan meidwaan kin, en wêrmei't wy tegearre de natuer in hantsje helpe! 🌿🌻
Ophelje: Lege fakjes binne op te heljen by de organisaasje Bloeiwyke by MFA De Trochset ûnder alle aktiviteiten.
Ynleverje: As dyn fakje klear is, kinst it op elts momint by MFA De Trochset tafoegje oan it grutte mienskiplike ynsekthotel.

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.