Twa bysûndere workshops dêr’tsto mei help fan in hynder en kreative materialen mear ynsjoch yn dysels krijst.
Foar bern fan 7 oant 13 jier wurkje wy oan it tema weerberens: stevich stean, foar dysels opkomme en dyn eigen krêft ûntdekke, mei it hynder as spegel en kreativiteit as utdrukking. De groep fan 14 oant 99 jier giet oan ’e slach mei it tema "dyn plak yn de bak": dyn romte ynnimme en dy sichtber meitsje, sawol by it hynder as yn byld. Mei kleur, papier en ferrassende materialen makkest wat tastbers . Ûnderfining mei hynders of mei tekenjen is net nedich , elkenien is fan herte wolkom! Troch Hennie Rozema en Riemkje Steeman |
Lokaasje: Tillewei 25
Tiid: 15.00 oant 17.00 oere
Foar wa: fan 7 oant 99 jier
Oantal dielnimmers: minimaal 10, maksimaal 16
Eigen bydrage: €7,50 pp (graach contant)
Wat moast meinimme: -
Opjefte by: Riemkje Steeman info@favourpaardencoaching.nl 06 50478748
Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.