
Sneon 23 augustus is it MFA yn Jistrum dan echt iepene! Mei likernôch 600 ynwenners en oare belangstellenden hawwe wy een toast útbrocht op it MFA. De namme is ûntbleate, de tiidcapsule is delset en de ynisiatiefnemers Gerrie, Djoke en Renee hawwe fan wethâlder Willemsa in kadootsje krigen. Op it poadium wiene optreden fan Melle Leegstra en streetdance Jistrum. Melle hie spesjaal foar de gelegenheid in liet makke oer it MFA. In moaie start fan de bloeiwike!












