Skip to content
Swingende jûn by Jistrum Bloeit!
Wat in wille wie it ôfrûne sneontejûn op de dûnsflier! De aktiviteit fan Jistrum Bloeit stie folslein yn it teken fan it styldûnsjen, en it wie in grut súkses. De dames fan Dansschool Adema hiene alles oant yn de

punten poerbêst fersoarge. Troch harren entûsjasme en profesjonele begelieding siet de sfear der daliks goed yn. Alle dielnimmende koppels hawwe mei in soad wille de earste stappen fan de quickstep, de wals en de chachacha leard. Of en ta wie it even puzeljen mei de fuotten, mar de lach wie de hiele jûn net fan it gesicht te slaan.
Dat it in slagge jûn wie, is ek goed te sjen op de foto’s dy’t makke binne. Sjoch hjirûnder foar in brike yndruk fan de swingende koppels! Dit smakket seker nei mear.

Back To Top