Skip to content
Kleurrike blomwurkshops yn de Bloeiwike fan Jistrum
Yn de Bloeiwike fan Jistrum fûn de kreative workshop ‘Taart meitsje fan blommen’ plak. Under in hiel moai sintsje op it MFA gongen de dielnimmers entûsjast oan de slach. De organisaasje wie yn hannen fan Jellie en Baukje. Troch harren goede fersoarging rûn alles op roltsjes. 
Yn stee fan in taart om op te iten, makken de folwoeksenen in prachtige, kleurrike ’taart’ fan echte blommen. Dat soarge foar skitterjende resultaten; nei ôfrin stie de hiele horeka fol mei moaie, blomrike kreaasjes. 
Letter dyisdeis wie it de beurt oan de jongerein. De bern fan groep 3 oant en mei 6 koene doe nammentlik meidwaan oan in eigen workshop blomskikken. Sa wie it foar jong en âld in tige slagge en blomrike dei yn Jistrum!
Back To Top