
Slagge American Party en ûntbleating ynsektenhotel yn De Trochset!
Wat in moaie middei wie it yn MFA De Trochset tidens de Bloeiweek yn Jistrum! In gesellich selskip naam de meast hearlike, selsmakke gerjochten mei. Under it genot fan al dat lekkere iten wie der in soad geselligens en tiid foar in goed petear. Wy hawwe folop genietsje kinnen fan elkoars oanwêzigens.
As moaie ôfsluting fan dizze middei waard it nije ynsektenhotel offisjeel ûntbleate. In prachtige en duorsume oanwinst foar de Jistrumer natuer! Wy wolle elkenien dy’t der wie of meiholpen hat hiel bot betankje foar dizze moaie moeting.

