
Suksesfolle en sfeardolle kultuerjûn yn in útferkocht MFA De Trochset
Wat hawwe wy in fantastyske en ûnferjitlike freedtejûn belibbe tidens Jistrum Bloeit! MFA De Trochset bruiste fan kultuer, geselligens en ferbining. Mei in smoarfolle seal fan rom 100 man publyk wie it oant de alderlêste stoel besat. Melle, Pieter en special guest Hedzer besoargen it doarp in skitterjende en ôfwikseljende jûn.
Fan it momint dat de doarren iepengingen, streamde de geselligens al gau nei binnen. De doarpsgenoaten wisten de wei nei MFA De Trochset massaal te finen, wêrtroch’t de sfear der al foar it startskot goed yn siet. Op it wite doek waarden prachtige en kreative filmbylden toand dy’t hielendal troch Pieter makke wiene. Melle soarge op it poadium foar de muzikale ynfolling mei syn sjonge en gitaar. Mei ûnder oare de nûmers ‘Dorpsfeest’, ‘It doarp Jistrum’ en ‘Oksenijs’ wist er de hiele seal te reitsjen en soarge er foar it nedige pikfel.
De ôfwikseling tusken de films en de muzyk wie al geweldich, mar de jûn krige noch in ekstra dimensje troch de ynbring fan special guest Hedzer. Hy kaam op it poadium foar in skitterjende sketch, wat foar in hiele bult laitsjende gesichten yn de seal soarge. It lûde applaus oan de ein fan de jûn wie dan ek mear as fertsjinne. Dit is krekt dêr’t Jistrum Bloeit foar stiet: tegearre genietsje, lokaal talint in poadium jaan en de ûnderlinge ferbining fiere. Grutte tank oan Melle, Pieter, Hedzer, de organisaasje en fansels it fantastyske publyk.
