
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Prachtige masterwurken by workshop ‘Pimp dyn faas’!
Wat in moaie en kreative moeting wie it tidens de Bloeiweek yn Jistrum! De workshop ‘Pimp dyn faas’ wie in grut súkses en brocht it doarp op in hiele moaie wize byinoar.
De workshop waard fersoarge troch ien fan ús eigen ynwenners út Jistrum, wat it ekstra spesjaal makke. De groep wie in brike miks fan jong en âld; in prachtich selskip wêryn’t elkenien inoar ynspirearre en holp. Mei in soad nocht en wille waard der fersierd en betocht.
It russeltaat mei der weze! De prachtige kreaasjes binne allegear tige slagge. It binne heuse masterwurken wurden, dy’t fanôf no in moai en fertsjinne plakje by de minsken thús krije.

