
Suksesfolle bootcamp mei Janny!
Yn it ramt fan de Bloeiweek yn Jistrum wie der fannemoarn in sportive bootcamp ûnder lieding fan Janny. De dielnimmers kamen flink yn aksje mei in ôfwikseljend programma fol ferskillende oefeningen. Sa waarden der ûnder oare pittige mountain climbers, stevige squats en in strakke plank útfierd.
De waarsomstannichheden makken it ekstra spannend. Rûn om de lokaasje by it fuotbalfjild hinne wienen hiele tsjoere, donkere wolken te sjen. Gelokkich bleau it krekt de hiele training droech; pas doe’t de bootcamp hielendal ôfrûn wie, barste der in bui los.
Gelyk nei it switten wie it tiid foar ûntspanning. De oanwêzigen genoaten folop fan in lekkere kop kofje of tee mei in lekker, fris stikje fruit derby. It wie in tige slagge en sportive moarn!
