Skip to content
Gezondheidscheck troch it Betterskip!
Tidens de Bloeiwike yn Jistrum stie de sûnens fan de doarpsbewenners sintraal. It BetterSkip út Eastermar wie oanwêzich om in profesjonele en djippere gezondheidscheck út te fieren. In soad minsken makken fan de gelegenheid gebrûk om harren fitheid en libbensstyl tsjin it ljocht te hâlden.
De saakkundigen fan It BetterSkip hiene in hiele steapel ynspiratieve boeken meibrocht om de minsken te ynformearjen en te motivearjen. Mei titels lykas ‘Ontpillen’, ‘Vet Belangrijk’ en it ‘Leefstijlboek’ krigen de besykers praktyske tips mei oer sûne fieding, it foarkommen fan sykten en it ferbetterjen fan de deistige libbensstyl.
It wie in tige weardefolle en learsume aktiviteit dy’t de mienskip fan Jistrum wer in moai stapke tichter by in sûnere takomst brocht hat!

Back To Top