
Workshop Negatyf Skilderjen: In hiele ‘zenn’ middei!
Wat in ûntspannen middei hawwe wy hân mei de workshop negatyf skilderjen! Hennie naam ús stap foar stap mei yn de ferskate fasen fan dit bysûndere kreative proses. Om it tempo der in bytsje yn te hâlden en net te lang wachtsje te moatten, waard de fûne der geregeld by pakt om de boel fluch droech te krijen.
De sfear wie geweldich; de rêstige eftergrûnmuzyk makke de middei hielendal ‘zenn’. Wy wiene sels sa bot yn de flow en folslein ûntspannen, dat wy oan it ein hielendal fergetten binne in groepsfoto te meitsjen mei ús keunstwurken! Mar net thertreure: de bjusterbaarlike einresultaten kinne jo fan no ôf bewûnderje yn de ferskate húskamers fan Jistrum.
