
Dit prachtige bouwurk stiet klear tankzij de ynset fan ús hânwurksume frijwilligers dy’t hjir mei in soad passy oan boud hawwe, mar no hawwe we dyn help nedich om it hielendal fol te krijen. Oankommende sneon is de grutte ûntbleating en it soe geweldich wêze as we it hotel foar dy tiid tegearre ynrjochtsje kinne mei bygelyks dennekegels, âlde bakstiennen, strie, houtsnippers of stikjes holle reidstâlen sadat de ynsekten fuortendaliks in moai thús fine.
