Skip to content
Pjutten genietsje fan foarlêzen yn de Bloeiwike!
Yn it kader fan de Bloeiwike yn Jistrum wie der in tige slagge foarlêsmoarn foar de alderlytsten. It waard in moarn fol ferhalen, geselligens en in hiele soad waarmte.
Foarlêzer Wilma naam de pjutten mei yn de wrâld fan de prachtige boeken ‘Jentsje syn pemper’ en ‘Kinst net sliepe, lytse bear?’. Yn it begjin sieten de bern allegear noch kreas op harren eigen kessens te lústerjen. Mar it wie sa spannend en gesellich, dat se al gau hieltyd tichterby kamen. Uteinlik krûpten de bern leaf by Wilma op skoat om neat fan de ferhalen te missen.
It foarlêzen hie in hiele moaie útwurking: de pjutten waarden sa boere-rêstich fan de ferhalen, dat se dêrnei allegear lekker en tefreden nei bêd ta koene. In prachtige aktiviteit dy’t folslein paste binnen it gefoel fan de Bloeiwike!
Back To Top