Skip to content
Smulle en skepkens meitsje by it taartsjes fersieren
Wat in feest wie it tidens de Bloeiweek! De bern mochten hjoed oan de slach mei it fersieren fan harren eigen taartsje. De ferlieding wie wol hiel grut; al tidens de útlis sieten in soad bern al temûk te smullen fan al dat barchje.
Dochs bleau der genôch oer om de taartsjes prachtich op te tsjinnen. De kreativiteit ûnder de bern wie ûnbidich grut. Der waarden wiere keunstwurken fan makke!
As kers op de taart soarge de organisaasje foar in spesjale thúsbesoarging. Om foar te kommen dat de moaie kreaasjes de einbestimming net helje soene – en ûnderweis al opitendoarn wiene – waarden de taartsjes persoanlik troch de organisaasje thúsbrocht. Dat wie nochris in bjusterbaarlike ferrassing. Jammie!

Back To Top