
Tiidens de Bloeiweek yn Jistrum hat Ronald Zijlstra it publyk meinaam op in fassinearjende reis troch de loft. Mei syn dronepresentaasje soarge hy foar in unike en magyske jûn dy’t de besikers noch lang bybliuwe sil.
It publyk krige in prachtich ynsjoch fan ús eigen omjouwing fanút de loft. De bekende lânskippen krigen fan boppenôf in hiele nije diminsje. In hichtepunt fan de presintaasje wie it unike drompelbyld yn de elektrisiteitssintrale fan Burgum, in lokaasje dy’t oars foar hast elkenien ticht bliuwt.
Ronald fleach net allinnich rêstich oer it lânskip, mar soarge ek foar de nedige aksje. Mei spektakulêre dûkelingen yn de loft gie it tempo soms fluch omheech. It wie sa dynamysk dat guon besikers der hast mislik fan waarden, wat de ûnderfining allinnich mar yntenser makke.
De bylden waarden ûndersteund troch bypassende muzyk. Dizze kombinaasje fan fizioen en lûd tilde de jûn nei in heger nivo en makke de sfear folslein magysk. In tige slagge jûn en in dikke tank is dan ek op syn plak: tankewol, Ronald!
