Skip to content
Grutte fangst by berneviswedstriid yn Jistrum
JISTRUM – Yn it ramt fan de Bloeiwike yn Jistrum waard der in tige slagge viswedstriid foar de jeugd organisearre. Mar leafst 31 bern stiene entûsjast oan de wetterkant te fiskjen.
De absolute útblinker en terjochte winner fan de dei wie Dayson Hoekstra. Hy fong mear as 17 fisken mei in totale lingte fan 2,11 meter! As haadpriis krige hy in prachtige nije angel mei nei hûs. Sa’t op ien fan de foto’s te sjen wie, wie hy dêr super bliid mei.
Yn totaal waarden der sân winners yn it sunsje setten. Tidens de priisútrikking krigen de bern noch wat lekkers en  wat te drinken. De organisaasje sjocht werom op in tige slagge aktiviteit!
Back To Top