
Grutte opkomst en hurde wurkers by pankoekrestaurant ‘It Sjerphuske
As ûnderdiel fan de Bloeiwike yn Jistrum feroare de seal foar even yn pankoekrestaurant ‘It Sjerphuske’. De opkomst wie geweldich; it rûn stoarm mei hungryske gasten dy’t wol sin hienen yn in lekkere pankoek.
De skoalbern namen harren taak folslein serieus. Fan it beslach oant de finish: de learlingen hawwe sawol it bakken as it betsjinjen folslein treftich fersoarge. It wie fûleindich hurd wurkje foar de bern om elkenien op tiid in goudbrune pankoek foar te skowen. Mar mei in grutte glimke en in soad ynset rûn alles op roltsjes. Doe’t de lêste pankoek oer de toanbank gien wie, wie it alwer tiid foar de realiteit: de klok sloech en it wie wer tiid om nei skoalle ta.
Gelokkich stiene de bern der nei it bakkersaventoer net hielendal allinnich foar. De ôfwaskpûl wie nammentlik gigantysk. Gelokkich kamen der in oantal hielpbere beppes yn aksje. Tegearre mei de entûsjaste Bloeiwike-kommisje hawwe sy de hannen út de mouwen stutsen en de hiele smoarge vaat yn in omsjoch fan kant brocht. In prachtich foarbyld fan de Jistrumer mienskip en ferbining dêr’t de hiele Bloeiwike om draait!

