Skip to content
Piet Scherjon is De Alleskinner fan Jistrum!
Wat in feest en wat in spanning yn Jistrum by de Bloeiwike. Dit jier stie de striid om ‘De Alleskinner’ op it programma en mar leafst tweintich teams dienen mei oan dizze enerzjyke ôfvalrace. Nei fyftjin spannende rûnten feroare it spul folslein, want de teams waarden opspjalte en elkenien moast hielendal allinnich fierder stride. De ferskate opdrachten wiene soms hiel dreech, mar foaral ek ferskriklik hilarysk om nei te sjen.
De finale wie in wiere útputtingslach wêrby’t de oerbliuwers in beferzen t-shirt sa fluch mooglik ûntdwine en oantrekke moasten. It publyk hat folop genoaten fan dizze spannende einstriid. It wie úteinlik Piet Scherjon dy’t him de grutte winner neame mocht, flak foar Aukje Visser dy’t in prachtige twadde plak pakte. In grut wurd fan tank giet út nei toanielferiening De Snieskeppers foar de fantastyske organisaasje fan dizze tige slagge jûn. Piet en Aukje, fan herte lokwinsk mei dizze moaie prestaasjes!

Back To Top