
Grut sukses foar de twaddehâns kleanmerk
Wat in moaie en slagge dei wie it tidens de Bloeiweek Jistrum! De kleanmerk brocht in soad geselligens mei him mei. It wie in drokte fan belang om it MFA hinne.
De kasten wiene thús goed opromme, want der wie in enoarm grut oanbod oan moaie twaddehâns klean. De entûsjaste stânhâlders hiene harren eigen tafels prachtich opsteld en stiene klear mei in grutte glimke. Besikers rûnen rûn, snuffelen tusken de klean en fûnen de moaiste skatten foar in twadde libben.
Tige tank oan alle entûsjaste ferkeapers en besikers dy’t dizze merk ta in grut sukses makke hawwe. Sa hawwe wy in soad minsken blier meitsje kinnen mei moaie nije oanwinsten!
