Skip to content
Wat in wike leit der efter ús! As Bloeiwikekommisje binne wie grutsk foar alle moaie mominten. De kroan wie de supergesellige pubkwis fan justerjun. Wat in enerzjy, wat in wille en wat in fantastyske ôfsluter fan in prachtige wike!
Us grutste doel dizze wike wie om Jistrum noch mear yn bloei te setten. Net allinnich mei moaie aktiviteiten, mar foaral troch te wurkjen oan ús fitaliteit, it omtinken foar in duorsume wrâld en boppedat de ferbining mei-inoar. As wy weromsjoche op de hiele wike, kinne wy mar ien ding sizze: dat is slagge! Wy hawwe mei-inoar sport, leard, lake en foaral genoten as ien grutte mienskip.
Nei de pubkwis waarden wy as kommisje sels ek noch folslein ferrast. Dorpsbelang sette ús yn it sintsje foar it organisearjen fan dizze wike. In prachtich gebaar dat ús echt waarm rûn it hert makke. Dankewol dêrfoar!
Mar in Bloeiwike organisearje kinst noait allinnich. Dêrom wolle wy fanút it djipste fan ús hert elkenien betankje dy’t dizze wike mooglik makke hat. Alle frijwilligers dy’t de hannen út de mouwen stutsen hawwe, de minsken die de (42!) aktiviteiten organisearre hawwe, de helpers efter de skermen en fansels de entûsjiaste dielnimmers út us doarp: sûnder jimme hie dit der net west. Jimme hawwe sjen litten wêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin as wy de hannen ynelkoar slaan.
Tige tank!
Op nei de folgjende kear!
Waarme groet,
De Bloeiwikekommisje Jistrum

Back To Top