Skip to content
Folle bak en rûkende potsjes by workshop fan Suver!
Wat in slagge en hielendal útferkochte jûn tidens de Bloewike yn Jistrum! De workshop natuerlike fersoargingsprodukten fan Sita en Johanna (Suver) rûkte by binnenkomst al dekselsk lekker. De hiele romte en de ferskate kuolkasten stiene fol mei moaie potsjes en frisse yngrediïnten.
De boadskip fan de jûn wie dúdlik: we moatte sunich wêze op ús planeet en tinke om de plestik sop. Sels dyn eigen fersoarging duorsum meitsje helpt dêrby. Under besieljende lieding hawwe we dizze jûn sels deodorant en lippenbalsem makke. Elkenien gie hiel entûsjast nei hûs mei harren eigen produkten én in supermoaie goodybag. In learsume en hiel gesellige jûn!


Back To Top