
Jistrumse toppers slaan hjoed harren slach by entûsjaste keatsclinic!
Wat in enerzjy, wat in talint en wat in wille hjoed op it sportfjild! Hoewol’t der yn ús eigen regio normaal hielendal net keatst wurdt, wie dêr by de bern út Jistrum neat fan te merken. Wat dienen se fanatyk mei en wat kamen der hjoed al in soad moaie talinten ta bloei! Foarôf wisten de measten amper hoe’t in want paste, mar al gau fleagen de ballen rûn.
De begelieder en begeliedster stiene flak lâns de line te springen en wiene superentûsjast oer de ynset. Dizze hiele clinic wie dan ek in echte boppeslach foar de jeugd! De bern lieten sjen dat se it keatsen al gau yn ‘e fingers hiene en stiene fuortendaliks op ‘e perk-fecte posysje om de bal in flinke mep te jaan. Wa wit sjocht de keatswrâld oer in pear jier wol hiel wat Jistrumse nammen op ‘e PC yn Frjentsjer werom. Bern en begelieding, in tsjûke boppeslach foar jimme ynset hjoed.
