
Grut súkses foar twadde edysje fan workshop sjongen yn Jistrum!
Wat in enerzjy en wat in wille hjoed! Nei de suksesfolle earste edysje fan ferline jier, waard de workshop sjongen hjoed opnij bjusterbaarlik goed besocht. De folwoeksenen út Jistrum lieten harren fan de meast fanatike kant hearre en de stimmen klonken skjin troch de seal!
De sangdocint stie te glimmen fan grutskens en wie superentûsjast oer de geweldige ynset fan de groep. It wie prachtich om te sjen hoe’t der hjoed al in pear behoorlike natuurtalinten ta bloei kamen. Wat in skot yn ‘e roas, dit smakket no al nei in tredde edysje!
