
Swit, sinne en superkrêften!
Wat in jûn en foaral: wat in flinke workout! Mei in moai sintsje op it boltsje streamde it terrein fol mei fanatike sportfûgels fan 16+. Na in degeane warming-up – wêrby’t guon spieren al fûnen dat se wol wer op bêd koene – wie it tiid foar it echte wurk. Der waard super fanatyk meidien!
Om sân oere mochten de beginners los, al fielden dy oanpaste gewichten en rûntsjes oars hielendal net flau. Mei de fokus op technyk en in hiel soad plezier flechten se oer it fjild. Kwart oer sân wie it de beurt oan de medium-groep foar it echte, rauwe HYROX-wurk. Rinnen, triuwe en lûke yn in moardzjend tempo; de gesichten waarden read, mar opjaan wie gjin opsje.
Om healwei njoggenden plonsten de lêste dielnimmers oer de finish line. De tonge op ‘e skuon, mar mei in fette glimlach op it gesicht. De grinzen binne wer flink ferlein!
